Trochladen wapen yn hûs fûn

30 mrt 2011 - 10:32

By in ynfal yn in wenning oan de Amelandsdwinger yn Ljouwert hat de plysje in trochladen wapen en in holster fûn. It guod is yn beslach naam. De 33-jierrige bewenner is oanhâlden op fertinking fan ferbean wapenbesit.

De plysje hie anonym ynformaasje krigen dat de man in fjoerwapen ha soe. Dêrom waard besletten om by de man thús te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)