Agressive man yn Ljouwert

30 mrt 2011 - 10:26

Ferskate besikers fan in hoarekasaak oan de Twabaksmerk yn Ljouwert binne tiisdeitenacht slein troch in agressive man. De man begûn sûnder oanlieding yn de kroech om him hinne te slaan. Meardere minsken waarden rekke. Doe't de man nei bûten gie, soarge hy ek dêr foar problemen.

De plysje ûndersiket de saak, mar hat de man noch net oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)