Tsjûgen ûngelok by Grou socht

30 mrt 2011 - 10:24

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok wêrby't in auto mei oanhinger rekke waard en de oanhinger folslein fernield rekke. It ûngelok wie sneintejûn op de grutte dyk by Grou.

In autobestjoerder út Holwert waard ynhelle en ôfsnien, sadat er bystjoere moast. De oanhingwein dy't er achter de auto hie begûn te slingerjen en sloech oer de kop. De feroarsaker fan it ûngelok ried troch. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)