Man pakt foar stellen beurzen

30 mrt 2011 - 10:13

Mei de oanhâlding fan in man (37) út Ljouwert hat de plysje in grut tal stellerijen fan identiteitsbewizen en beurzen oplost. De man waard freed betrape doe't er him fertocht gedroech yn de buert fan in fersoargingshûs oan De Fok op It Hearrenfean. Personiel herkende de man fanwege in mooglik gefal fan stellerij. Se besochten him te pakken te krijen, mar hy naaide út.

De plysje koe him oanhâlde. By him thús waarden sa'n hûndert bankpassen, ID-kaarten, rydbewizen en beurzen fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)