Fryslân wurdt minder koarte

30 mrt 2011 - 09:56

It jild dat Fryslân fan it ryk krijt, giet wat omheech. Sûnt 2007 krige de provinsje 22 miljoen euro yn it jier minder út it provinsjefûns. Fan takom jier is de koarting op 18 miljoen euro steld. De provinsje kin dus 4 miljoen mear útjaan as op rekkene waard.

De minder hege koarting is it gefolch fan in nije ferdielkaai fan it regear foar it provinsjefûns. By it ferdielen fan it jild foar alle provinsjes wurdt tenei rekken hâlden mei hoefolle jild in provinsje sels op de bank hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)