'Kazerne Assen iepen hâlde'

30 mrt 2011 - 09:37

De provinsje Fryslân fynt dat de Johan Willem Friso kazerne yn Assen net ticht moat. De provinsje stjoert mei de provinsjes Grinslân en Drinte in brief nei de Twadde Keamer dêr't dat ynstiet.

Troch besunigingen by definsje stiet de kazerne op de nominaasje om sletten te wurden. Dat is in klap foar de wurkgelegenheid yn it Noarden, sizze de provinsjes. Der wurkje ek in soad Friezen by de Johan Willem Friso kazerne yn Assen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)