Dyk Sibrandahûs noch iepen

30 mrt 2011 - 09:17

De dyk tusken Sibrandahûs en Dokkum wurdt foarearst net ofsletten. Freed soe in stek op de dyk pleatst wurde om slûpferkear tsjin te gean. Omwenners fiele har oerfallen troch de ferkearsmaatregel en binne benaud dat se fier omride moatte.

It gemeentebestjoer sil mei omwenners prate, mar der moat wol wat oan de dyk gebeure. Slûpferkear fan en nei Dokkum rydt faak fierstente hurd op de dyk, der't ek in soad skoalbern fytse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)