Plattelânsjild ferkeard útjûn

29 mrt 2011 - 22:50

In flink part fan de miljoenen dy't de provinsje útjûn hat om de ekonomy op it plattelân te stimulearjen is op it ferkearde plak telâne kaam. Dizze hurde konklúzje lûkt de Noardlike rekkenkeamer. Foaral de eilannen ha flink profitearre, wylst it jild bedoeld is foar gebieten dêr't de lânbou ferdwûn is, sa as it noardeasten fan Fryslân. Ek hat de provinsje te faak jild yn plannen stutsen sûnder dat dúdlik wie oft dy de ekonomy yn de streek helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)