Glêsbedriuw Frjentsjer grutter

29 mrt 2011 - 21:45

D&O Bouwglas út Frjentsjer ynvesteart dit jier foar 2 miljoen euro yn twa nije loadsen. De iene wurdt no boud by de festiging yn Frjentsjer, de oare komt by de lokaasje yn Hoorn.

Troch dizze útwreiding groeit it bedriuw fan 13 nei mooglik 35 meiwurkers. De stap liket opmerklik omdat hiel wat boubedriuwen troch de resesje yn de problemen sitte. Omdat D&O yn it wat mear spesjalistyske bouglês sit, koe it bedriuw de lêste jierren flink groeie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)