Harnzer flessepost fûn

© Omrop Fryslân
Yn de Westerschelde yn Seelân binne trije flessen mei post fan Harnzer bern fûn. Op in kuier lâns it wetter seagen twa ynwenners fan Walsoorden flessen yn it wetter driuwen, fertelle se yn de Provinciale Zeeuwse Courant.
De post bestie út tekeningen fan Jens, Luca en Remco fan kristlike basisskoalle Het Baken yn Harns. De heit fan Jens hie de flessen al in eintsje op paad brocht: de seeman goaide se bûten de haven fan Rotterdam oerboard.