Rodenhuis ynterim by de Boys

29 mrt 2011 - 17:02

Wieb Rodenhuis is fan woansdei ôf ynterim-trener by Harkemase Boys. De 55-jierrige oefenmaster is dêrmei foar de rest fan it seizoen de opfolger fan Peter Meindertsma, dy't tiisdei dien krige troch it bestjoer fan de sneons topklasser. Rodenhuis komt fan Britsum en hat earder ûnder mear trener west fan Be Quick '28, VVOG en De Jouwer.

Wieb Rodenhuis is al de tredde haadtrener dit seizoen. Henk de Jong begûn as haadferantwurdlike, mar gie healwei it seizoen nei Cambuur ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)