Wyldemerk yn augustus ticht

29 mrt 2011 - 13:03
  • It gebou fan kampus Wyldemerk by Harich

Skoalle foar probleemjongeren Wyldemerk yn Harich giet mei yngong fan 1 augustus definityf ticht. Der is gjin jild mear foar de kampus. It opliedingsynstitút begûn yn 2007, mar it kabinet wol der gjin jild mear ynstekke. De jongeren fan 14 oant 23 jier ferbliuwe 24 oeren deis sân dagen yn de wike op de Wyldemerk.

It is faak harren lêste kâns om in diploma te heljen. Direkteur Altelaar neamt de sluting yn in reaksje soer. Der wenje 40 jongeren op Wyldemerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)