Sven Kums nei SC Hearrenfean

Middenfjilder Sven Kums spilet de kommende fjouwer jier foar Sportklup Hearrenfean. De 23-jierrige Belch komt oer fan Kortrijk. Dy klup spilet op it heechste nivo fan België. Ek KV Mechelen woe Kums graach hawwe, mar Hearrenfean koe mear biede.
It kontrakt fan Kums by Kortrijk rûn noch troch oant 2013, mar hy soe yn syn kontrakt stean hawwe dat hy foar 500.000 euro nei in oare klup kin. Yn it ferline spile Kums ûnder oaren foar Anderlecht en Jong België.