50Plus-man listlûker OSF

29 mrt 2011 - 11:54

Onafhankelijke Senaatsfractie OSF docht oan de Earste Keamerferkiezings mei mei it Noard-Hollânske steatelid Kees de Lange fan 50Plus as listlûker.

OSF en 50Plus hawwe ôfpraat dat 50plus de OSF safolle stypje sil as nedich is om yn de Earste Keamer te bliuwen. De OSF is in gearwurkingsferbân fan regionale partijen, dêr't ek de FNP oan meidocht. Sittend senator Hindrik ten Hoeve fan Stiens sil sa't it no liket syn sit ynleverje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)