Ynbrekker sjittinte bekent

29 mrt 2011 - 10:20

In 33-jierrige man út Ljouwert hat bekend dat hy ferline wike ynbrutsen hat yn in merkesjittinte. De sjittinte stie op it terrein fan in bedriuw yn Berltsum. De eigner fan dat bedriuw ûntduts de ynbraak en naam kontakt op mei de eigneresse fan de merkewein.

Doe't se kaam te sjen die bliken dat der kabels stellen wiene en tsientallen knuffelbisten. De dief hat himsels by de plysje meld. Hy hat de kabels en de knuffelbisten wer ynlevere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)