Peter Meindertsma ferbjustere

29 mrt 2011 - 10:06

Peter Meindertsma is ferbjustere en lulk oer syn ûntslach as trener fan Harkemase Boys. Neffens him hat hy de aksje fan it besjoer fan de Boys hielendal net oankommen sjoen. Hy fynt it ek ûnterjochte. De Boys ferlearen de lêste wiken in soad wedstriden.

Mar it spul wie goed en de tsjinstanners sterk. De ûntsleine trener is der fan oerstjûge dat syn ploech de kommende wiken tsjin mindere tsjinstanners wol punten pakt hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)