Fertochte oerfal oanhâlden

29 mrt 2011 - 10:01

De plysje hat in fjirde fertochte oanhâlden foar belutsenheid by in oerfal yn Easterwâlde mids febrewaris. Fiif minsken waarden doe yn in hûs oan de Fenne oerfallen. Ien fan harren waard fêstbûn en mishannele. De oare minsken waarden troch oare oerfallers bedrige. Sy moasten jild jaan.

Uteinlik binne de oerfallers útnaaid. De plysje hat no in frou út Nijkerk oanhâlden. Earder waarden al fertochten út IJmuiden, Nieuw Vennep en Assendelft oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)