Frou mei auto yn 'e sleat

28 mrt 2011 - 22:25
  • (foto: Jaring Rispens/Stjoerder.nl)

In frou (41) fan De Jouwer is moandeitejûn mei de auto op 'e kop yn it wetter bedarre op de A7 by de rotonde fan De Jouwer. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke se fan de dyk.

Omdat de auto op it dak lei wie it foar de brânwacht dreech om de frou út 'e auto te heljen. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)