Fuortgean vd Zwan ûnferwachts

Van der Zwan
It fuortgean fan boargemaster Van der Zwan komt foar de polityk fan Achtkarspelen as in tongerslach út in kleare loft. Moandei waard bekend dat er boargemaster fan Hearrenfean wurdt. Van der Zwan siet fjouwer jier op syn post yn Achtkarspelen.
De fraksjefoarsitter fan de grutste partij yn de ried (CDA) fynt dat Van der Zwan te gau fuortgiet. Van der Zwan sels tinkt dat it in goed teken is dat de ried oanjout dat hy mist wurde sil.