Koornstra bêste garnalefisker

28 mrt 2011 - 19:46

Garnalefisker Andries Koornstra fan Harns hat ferline jier de alderbêste garnalen oan wâl brocht. Hy krijt dêrfoar de Produktskipspriis fan de sektor. Elk jier wurde de fiskers yn trije kategoryen beoardield op de fangst dy't se binnen bringe. Se wurde dêrfoar yn de gaten hâlden troch kontroleurs dy't sifers jouwe.

Der wurdt sjoen nei hoe farsk alles is, de fersoarging en behanneling fan de fangst oan board en de wize dêr't op fiske wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)