Ferwûne ûngelok by Spangea

In man fan 45 jier út Luttelgeest is snein ferwûne rekke by in ûngelok yn Spangea. It slachtoffer fytste oer de Seedyk en joech gjin foarrang oan in 43-jierrige motorrider út Easterwâlde. Dy besocht noch om de fytser te ûntwiken, mar rekke him dochs. Beide gongen troch de oanriding ûnderút.
De fytser rekke ferwûne oan 'e holle. Hy waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De motorrider waard foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs. Hy hie neat.