Net mear ljipaaisykje

28 mrt 2011 - 09:46

Fan moandeitemoarn 9 oere ôf mei net mear aaisocht wurde. Alle 5939 ljipaaien dy't fan it jier socht wurde mochten, binne opfandele. Elkenien mei in aaisikerspas hat moandeitemoarn in smske krigen dat it kwotum fol is en dat net mear socht wurde mei.

Trettjin dagen lyn waard it earste ljipaai fûn troch Geert Kleinhuis fan Earnewâld. Oare jierren wie it kwotum alris yn acht dagen folsocht. Omdat it kâld en droech is dizze maitiid binne der noch net folle aaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)