Hurdfytsers ha gjin súkses

Pieter Weening
Der wie snein gjin súkses foar de Fryske hurdfytsers René Hooghiemster en Pieter Weening. Yn ynternasjonale rondes wisten se harren op de slotdei net yn de kiker te riden. Yn it einklassemint einigen beide aardich heech.
René Hooghiemster fan Drachten einige yn Normandië úteinlik op it 24ste plak op de ranglist. Pieter Weening ried yn Kataloanië. Hy waard fjirtjinde, op 1 minút en 12 tellen fan winner Alberto Contador.