Snits WS en FVC sjitte neat op

27 mrt 2011 - 16:41

Degradaasje driget noch altyd foar de Fryske sneinshaadklassers Snits Wyt Swart en FVC. Snits WS spile snein mei 0-0 lyk tsjin Alcides. Mei dat punt bliuwt de ploech op plak tolve stean en ûntrint it allinnich noch FVC en Rheden.

FVC ferlear snein mei 3-1 fan NEC. Stefan Geertsma sette de Ljouwerters wol op foarsprong. Nei in 2-1 rêststân tocht elts dat de tredde NEC-treffer bûtenspul wie. Mar de skiedsrjochter karde it doelpunt wol goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)