Avanti pakt út mei superskoare

27 mrt 2011 - 14:49

De sealfuotballers fan Avanti hawwe sneontejûn yn Roermond in enoarme dreun útdield oan Fermonia Boys. De Limburgers waarden mei 13-0 oprôle. Avanti starte fûleinich, binnen fjouwer minuten hie de ploech fan trainer Anand Jagdewsing al fjouwer kear skoard.

By in rêststân fan 7-0 like it skoft in hinderlik opûnthâld, mar Avanti wurke yn de twadde helte opnij oan it doelsaldo. Topskoarder wie Tim Hof mei fiif treffers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)