Tûzenen euro's foar Warchild

27 mrt 2011 - 14:28

Friezen hawwe dit wykein inkelde tûzenen euro's ynsammele foar Warchild. It jild is ynlevere by de dj's fan radiostjoerder 538.

Radio 538 rydt de hiele wike troch Nederlân mei in truck om jild yn te sammeljen foar it goede doel. Snein wiene de dj's yn Ljouwert en op It Hearrenfean. Moandei stean se ûnder oare yn Assen om jild op te heljen foar Warchild. Dy organisaasje helpt bern út oarlochsgebieten om in better libben op te bouwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)