Trochriden nei ûngelok

27 mrt 2011 - 14:11

In 26-jierrige Ljouwerter is sneontemiddei om fiif oere hinne oanhâlden foar trochriden nei in ûngemak. Hy hie earder mei de auto op de Mr. P.S. Gerbrandywei yn Ljouwert in oanriding hân mei in 76-jierrige plakgenoat. De 26-jierrige wie op de ferkearde helte fan 'e dyk telâne kaam. Nei de botsing ried er troch.

Mei help fan tsjûgen koe de man letter op de Mr. P.J. Troelstrawei oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)