Deadlik ûngelok by Bakkefean
In automobilist fan 75 jier út Oerterp is sneintemoarn dearekke by Bakkefean. De man ried tsjin healwei njoggenen op de wei it Mandefjild mei syn auto tsjin in beam.
Wat de oarsaak west hat fan it ûngelok is noch ûnbekend. Mooglik is de man net goed wurden.