IFKS hast fallyt

27 mrt 2011 - 12:41

De organisaasje foar it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen sit yn swier waar wat de sinteraasje oanbelanget. Ferline jier wie der in ferlies fan 25.000 euro. Op 't heden hat de IFKS noch mar 15.000 op 'e bank.

De organisaasje sjocht as oplossing it ferheegjen fan it ynskriuwjild foar de skûtsjes om mei te dwaan oan it kampioenskip. Fierders wurde ek nije sponsoaren socht. Mei-inoar moat de IFKS in ton ophelje om finansjeel sûn fierder te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)