AFA net wolkom yn Ede

Leden fan de Anti Fascistische Actie Fryslân, koartsein AFA, hawwe sneon in 'wegblijfbevel' krigen fan de plysje yn Ede. Dat skriuwt de AFA sels yn in parseberjocht. AFA wie fan doel om yn Ede te protestearjen, omdat yn dat plak in mars pland wie fan de ekstreem-rjochtse NVU.
De boargemaster fan Ede kundige om dy reden in needferoardening ôf en joech leden fan de AFA it befel om fuort te bliuwen út Ede.