Froulju It Fean: lêste fjouwer

26 mrt 2011 - 16:56
  • Sylvia Smit

De fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean ha sneon de heale finale fan de beker helle. Yn Utrecht waard de frouljusploech fan FC Utrecht mei 1-0 ferslein. By rêst stie it 0-0, al wie der in gefaarlike sitewaasje mei in bal op de Fryske latte.

Yn de twadde helte koe Sylvia Smit nei in stekpass skoare. Letter wie der noch in grutte kâns foar Sherida Spitse om de wedstryd definityf yn it slot te goaien, mar de goal fan Smit wie genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)