Oude Zeug mei meidwaan by IFKS

26 mrt 2011 - 16:48

It beslút oer it ôfkeuren fan it IFKS skûtsje De Oude Zeug is opskood nei de kommende winter. Nije eigner Peter Fokkens kin dit jier gewoan meidwaan, sûnder betingsten. Sa die sneon bliken by de ledegearkomste. Dêrmei is in grut konflikt foarearst út de wei.

De Oude Zeug waard yn 2002 en 2003 kampioen yn de A-klasse fan de IFKS. Skipper Eelke Dijkstra ferkocht it skûtsje oan Peter Fokkens. Ien jier hat it skip net meidien, dêrom moast it wer keurd wurde. Utkomst: te grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)