Antonov op fleanbasis Ljouwert

26 mrt 2011 - 16:22

Op 'e nij in bysûndere besite by de fleanbasis yn Ljouwert. It op ien nei grutste frachtfleantúch fan 'e wrâld wie dêr om materiaal op te heljen foar de Libië-missy. De Antonov is 69 meter lang, 73 meter breed en 21 meter heech en hat 28 tsjillen. Nea earder kaam it Oekraynske leantúch yn Ljouwert.

Freed kaam it tastel op 'e fleanbasis oan, sneontemiddei gie er wer omheech rjochting Sardinië. By de startbaan wiene in soad minsken om it bysûndere spektakel mei eigen eagen te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)