Fernielings by bijeklup
De plysje siket tsjûgen fan fernielings dy't oanrjochte binne by de bijeklup oan it Lemsterpaad op De Lemmer. Tusken 17 en 25 maart is de skea oan it gebou oanrjochte.
Daksgoaten, lûken, skuttings en it húske waarden fernield en de ruten waarden ynsmiten. Der is foar sa'n 6000 euro skea. De plysje siket minsken dy't mooglik wat sjoen hawwe fan de fernielerij.