Nij doarpssintrum Westergeast

26 mrt 2011 - 11:33

Westergeast krijt in multyfunksjoneel sintrum. Nei seis jier fan praten, organisearjen en tsjinslach setten wethâlder Visser fan Kollumerlân, doarpsbewenners en bern fan de basisskoalle sneon de earste skeppe yn de grûn.

Der is plak foar de skoalle, it doarpshûs, de berneopfang en ferienings. It is heech tiid dat de bern fan de skoalle yn in oar gebou komme, want de skoalle is al jierren net mear by de tiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)