Caravan útbaarnd yn Drachten
Oan de Claercamp yn Drachten is freedtenacht in caravan folslein útbaarnd. De caravan stie neist it hús. De brân yn de caravan sloech oer nei de skutting fan de huzen en dêrom binne der twa huzen ûntromme. De bewenners fan it hús dêr't de caravan neist stie wiene net thús.
Oer de oarsaak en de skea is noch neat bekend.