Ferwûne by De Hommerts

26 mrt 2011 - 11:01

By in iensidich ûngelok op de Jeltewei by De Hommerts is freedtenacht in 21 jierrige man út Wâldsein ferwûne rekke. Hy is troch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke en tsjin in beam botst. Hy wie de iennige persoan yn de auto.

De helptsjinsten hawwe him út de auto helle en hy is mei mooglik hersenletsel oerbrocht nei it universitêr sikehús yn Grins. Der is ek in bloedproef ôfnommen om te sjen oft der drank yn it spul wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)