GSM-klachtmelding Ljouwert

26 mrt 2011 - 10:59

Ynwenners fan Ljouwert moatte fia de mobile tillefoan klachten by de gemeente melde kinne. Dat fynt it CDA yn de ried fan Ljouwert. It giet dan om saken as in stikkene strjitlampe of loslizzende stoeptegels. Neffens it CDA besteane der al applikaasjes, dêr't je hiel maklik saken mei oan de gemeente trochjaan kinne. Mar dan moat de gemeente der wol oan meiwurkje. Dat is oant no ta noch net sa.

De gemeente seit dat klachten wol fia ynternet trochjûn wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)