SKS-skûtsjeploech stapt op

25 mrt 2011 - 20:31
  • Jacob Zwerver (foto:Martin de Jong)

Skipper Jacob Zwerver en it grutste part fan de bemanning fan it Philips-skûtsje d'Halve Maen binne opstapt. Oanlieding is de minne kommunikaasje mei it bestjoer fan it Philips-skûtsje. It bestjoer soe besluten naam ha dêr't skipper en bemanning net yn kend wêze soene.

Zwerver en syn bemanning ha der gjin fertrouwen yn dat der ferbettering yn de relaasje komme kin. Njonken de skûtsjeploech stapt ek bestjoerslid Herman Gaarman op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)