"Punterydbewiis goed plan"

25 mrt 2011 - 19:39

In punterydbewiis foar alle autoriders is in goed idee, fynt rydskoallehâlder Berend Knol fan Ljouwert. It is neffens him in goeie stok efter de doar foar minsken dy't regelmjittich ferkearsoertredings meitsje.

It advys om in punterydbewiis breed yn te fieren komt fan it Iepenbier Ministearje. It rydbewiis soe in fergunning wurde moatte mei dêrop njoggen punten. By oertredings wurde dêr punten fan ôflutsen. Uteinlik kin de sjauffeur syn rydbewiis kwytreitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)