Lauwerseach Blue Port

25 mrt 2011 - 17:27

Lauwerseach moat in blauwe haven wurde, oftewol in regionale Blue Port. Dêrfoar is freed in yntinsjeferklearring ûndertekene ûnder oare troch de gemeente Dongeradiel.

Yn de nije situaasje sille ûndernimmers, oerheden en ûnderwiisynstellings mei-inoar oerlizze om de fiskerij te fersterkjen. De garnalefiskers yn Lauwerseach kinne de stipe groed brûke nei de NMa-boete. Fierders soe der in nije fiskôfslach komme moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)