Twarres-Mirjam wer solo

Mirjam mei Johan en Joost
Mirjam Timmer út Wergea hat ôfskie naam fan Joost as har partner by Twarres. Dat makke se freedtemiddei bekend yn it Omrop Fryslân-programma Noardewyn.
Joost wie sûnt septimber 2009 ferbûn oan Twarres as ferfanger fan Johan van der Veen. Dy moast fanwege sykte ôfskie nimme fan it duo. Neffens Mirjam fielt it foar har net goed as in oar Johan ferfangt. Mirjam giet wol fierder ûnder de namme Twarres. Se hat ek in nije singel útbrocht.