Skoalle-aksjes foar Libearia

© Omrop Fryslân
De kristlike basisskoallen yn Frjentsjerteradiel hawwe 22.446 euro ophelle mei in aksje foar it Afrikaanske lân Libearia. It jild is foar basisskoallen dêr. Mei it jild kinne famkes-wc's en nije lokalen boud wurde.
Oan 'e aksje diene mei-inoar 1600 bern mei. Se sammelen jild yn en learden hoe't de bern dêr nei skoalle gean. De aksje hat twa wiken duorre en freed wie de lêste dei.