Nij jeugdtoernoai by ONS Snits

© Omrop Fryslân
Fuotbalklup ONS Snits set yn juny útein mei in grut ynternasjonaal jeugdtoernoai foar D-pupillen. De Snitser klup hopet dat der ek bekende klups oan meidwaan sille. ONS is noch yn petear mei in tal kandidaten. Oant no ta binne Hertha BSC, Vitesse/AGOVV, Grins/Cambuur, SC Hearrenfean en ONS fêst lein. De wedstriden wurde spile op 3 en 4 juny. Yn totaal dogge der acht ploegen mei. De opbringsten fan it toernoai geane nei it bêrnekankerfûns KiKa.