Ljouwert: agressyf duo oppakt

25 mrt 2011 - 11:14

De plysje hat tongersdeitejûn yn Ljouwert in frou fan 29 jier en har partner fan 37 jier oanhâlden. De frou soe in taksysjauffeur mei in mes bedrige hawwe.

Doe't de plysje by de frou ferhaal helje woe, waard se dûm. Mei in grut stik hout bedrige se de plysjes. Har partner sette de hûn op tsjin de aginten. De twa binne oanhâlden foar bedriging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)