Racefytser klapt op brommer

Foto: Nico Feenstra
Twa Drachtsters fan 34 en fan 16 jier binne tongersdei by in ûngelok ferwûne rekke. De 34-jierrige man ried mei syn racefyts fan De Meer de Noarderhegewei op, mar botste frontaal tsjin de 16-jierrige plakgenoat op 'e brommer.
De fytser is mei nekletsel nei it sikehûs yn Grins brocht. De brommerrider is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs fan Drachten brocht.