Boek oer Feanhoopfestival
Fjouwer NHL-studinten hawwe in boek skreaun oer it Feanhoopfestival. De studinten, fjirdejiers kommunikaasje, beskriuwe yn it boek yn opdracht fan de organisaasje de 55 jier dat artysten en publyk op it ferneamde festival ôfkomme. Alle aspekten, fan it betinken, it skriuwen oant en mei it produksjeproses, binne troch de studinten sels útfierd. Kommende snein wurdt it boek op de Feanhoop presentearre.