Dramatysk ûngelok op It Fean

24 mrt 2011 - 22:08
  • Foto's: www.stjoerder.nl

In 86-jierrige man fan It Fean is tongersdeitejûn omkommen by in tragysk ûngelok yn de parkearkelder oan it Boarg. Kuperusplein. Bewenners fan de flat soene nei in dei himmeljen de skjinne parkearkelder wer feestlik yn gebrûk nimme. Dat waard dien troch in lint troch te knippen en dêrnei de kelder yn te riden.

De bestjoerster fergeat de auto op de hânrem te setten en dy rôle doe de kelder yn. It slachtoffer waard troch de auto oerriden en kaam dêrby om.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)