Sjoerd de Vries ferlit Control

24 mrt 2011 - 21:51
  • Sjoerd de Vries siket in nije ploech

Reedrider Sjoerd de Vries fan Twellingea ferlit de Controlploech. De 22-jierrige rider tinkt dat hy him by in oare ploech better ûntwikkelje kin.

De Vries hat fjouwer jier lid west fan de ploech fan Jac Orie en hat it dêr goed nei it sin hân. Der is ek gjin sprake fan persoanlike konflikten, mar hy hie lykwols ferwachte dat er mear progresje meitsje soe. No't dat net it gefal is, siket er in oare ploech. Hy hat wol wat op it each, mar der is noch neat konkreets.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)