'Frysk giet bytsje foarút'

24 mrt 2011 - 19:03

De jongste generaasje Fryske folwoeksenen praat wer mear Frysk tsjin partner en bern as de âldere generaasjes Friezen. Dat docht bliken út de nijste fluchhifking fan de provinsje Fryslân. Yn fergeliking mei de foarige quickscan yn 2007 liket it Frysk ek foarút te gean.

It giet om in beskieden foarútgong fan in pear prosint. Deputearre Jannewietske de Vries is likegoed tige wiis mei de foarsichtich positive trend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)